06 – 22 06 40 13 ynfo@konsept.frl

Oanbod

It Frysk is in prachtige taal, mar net ienfâldich om te skriuwen.
Hast elkenien fersint him wolris by de grammatika of it staverjen fan in wurd.
By gewoan deistich gebrûk is dat minder slim, mar yn it offisjele ferkear is soks steurend.
In flater liedt ôf fan de ynhâld fan in tekst en kin yrritaasjes oproppe.

KonSEPt kin jo helpe om dat foar te kommen.

N

Tekstkontrôle

KonSEPt korrizjearret al jo teksten, bygelyks dy fan in:

advertinsje – advertorial – artikel – beliedsplan – brief – brosjuere – folder – hússtyl – jierferslach – liet – manuskript – menukaart – nijsbrief – parseberjocht – rapportaazje – reklametekst – skripsje – tydskrift –webside.

Ek foar advys oer de útspraak fan song- en reklameteksten binne jo by KonSEPt oan it goede adres.

Oersetten

KonSEPt set jo Fryske tekst oer yn it Hollânsk of krekt oarsom.

Alle oersettingen wurde neilêzen troch in twadde persoan. Sa binne jo by KonSEPt altyd wis fan in perfekt einresultaat.

Wurkwize

  • De te korrizjearjen tekst wurdt oanbean yn in Word-dokumint om’t yn Word korreksjes goed sichtber binne. En binnen de ôfsprutsen termyn wurdt de tekst sekuer neisjoen.
  • De tekst wurdt yn twafâld weromstjoerd:

    – ien dokumint dêr’t de ferbetteringen, opmerkingen en suggestjes yn oanjûn binne

    en

    – ien oanpast dokumint (dêryn binne alle ferbetteringen akseptearre en trochfierd).

Fergees advys: stjoer ien side op dy’t frijbliuwend korrizjearre wurdt. Binne jo tefreden, dan kin der in priisopjefte foar de folsleine tekst dien wurde.

Stavering

Mei yngong fan 31 jannewaris 2015 is der in nije offisjele stavering fan it Frysk fan krêft, dy’t fêstlein is yn de Foarkarswurdlist foar it Frysk. KonSEPt hâldt by alle opdrachten dizze stavering oan. De list is lykwols gjin ferplichte taalstandert. Giet de foarkar út nei farianten, dan is it lêste wurd altyd oan de opdrachtjouwer.

Gearwurking

Om ek gruttere opdrachten of bykommende fersiken perfekt út te fieren, wurket KonSEPt gear mei meardere professionals op it gebiet fan teksten.

Tariven

Alle opdrachten begjinne mei in frijbliuwend, oriïntearjend petear. Oan ‘e hân dêrfan wurdt der priisopjefte dien.

Leveringsbetingsten

Klik hjir foar de leveringsbetingsten.

Sep

De frou achter KonSEPt

Myn namme is Sep (koart foar Seppy) Sierksma en ik wenje yn Noardburgum. Goed 37 jier haw ik wurke foar de Nieuwe Dockumer Courant, it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy en it Gemeenschappelijk Centrum voor Onderwijsbegeleiding (it hjoeddeistige Cedin) yn ûnderskate funksjes. Reade tried yn myn wurk hat al dy jierren it korrizjearjen en oersetten fan teksten west. De akte Frysk kaam my dêrby goed fan pas.

Myn tsjintwurdige opdrachtjouwers binne û.o. útjouwerij Het Nieuwe Kanaal, Taalsintrum Frysk en Eduforce fan Cedin, Afûk, Kristlik Fryske Folksbibleteek, Provinsje Fryslân en NHL.

Neist korrektor en oersetter bin ik ek partner, mem, beppe, túnker, reizger en entûsjast kuierder.

Referinsjes

Ik heb veel met Seppy mogen samenwerken in de ‘Cedin-tijd’. Fantastische collega. Leverde zaken altijd op tijd en netjes af. Heeft aan een half woord genoeg, denkt mee en houdt het overzicht. Daarnaast -ook niet geheel onbelangrijk- altijd positief en goed gehumeurd.

Duco Creemers

Onderwijsadviseur High5-Onderwijsadvies

Seppy Sierksma hat myn fjirde poëzybondel Ynbyld korrizjearre. As skriuwer bin ik rjochte op de ynhâld fan myn teksten. Om myn gedichten sûnder flaters te publisearjen, freget fan my in ôfstân fan dy ynhâld. Soks slagget noait goed omdat ik as skriuwer dêr te ticht op sitten bliuw. Mei oare wurden, in skriuwer moat net miene dat dy it eigen wurk goed korrizjearje kin. Gelokkich is der net in flater dy’t oan it skerpe each fan Sep ûntkomt. Ik wit dat myn gedichten by har yn tige kundige en fertroude hannen binne, dat sy alle missers derút hellet, dat sy korrizjearret neffens de nijste stavering en dat ik it wurk yn in sucht weromkrij. Sep makket fan in konsept tekst in perfekte definitive tekst.

Elske Kampen

skriuwer

Seppy is scherper dan scherp als het gaat om Friese teksten. Als corrector van het Friese jongerentijdschrift LinKk is ze uiterst zorgvuldig en detaillistisch. Ze weet de lijn van het blad goed in de gaten te houden en stemt haar correcties af op de doelgroep. Ze houdt zich aan de deadlines en is prettig kritisch. Ze snapt als geen ander de ‘tûkelteammen’ waar Friese schrijvers tegen aan kunnen lopen en geeft suggesties waar nodig. Ze is betrokken en enthousiast, kortom een prettig persoon om mee samen te werken.

Marrit de Schiffart

Underwiisadviseur Sintrum Meartaligens Cedin, Einredakteur LinKk

Met Seppy heb ik gewerkt aan mijn boek Ondernemende kinderen op komst. Ze is een uitmuntende redacteur en is prettig kritisch. Daarnaast is ze enthousiast, fijn in de samenwerking en weet ze goed te plannen. Ze bedenkt heldere procedures, zodat je op elk moment in een traject weet waar je aan toe bent.

Itie van den Berg

Projectleider Meesterlijk Ondernemen in Drenthe

Portfolio

Kontakt

KonSEPt

Kontakt

KonSEPt foar teksten
Westersingel 5
9257 DP  Noardburgum
Telefoan                  06 – 22 06 40 13
                               0511 – 47 33 58
E-mail                     ynfo@konsept.frl
KonSEPt is ynskreaun by de Kamer van Koophandel.
It ynskriuwnûmer is 55600565.